Alderein ferplicht folderrinne

29 feb 2012 - 23:33

De PvdA Ljouwert stelt fragen oer in groep âlderen dy't sûnt koart folderrinne moat foar har biljertferiening. De âlderen, mei in gemiddelde leeftiid fan sa'n 80 jier, moatte mei folders fan Omrin by de doarren del. Dat is in tsjinprestaasje foar de opbringst dy't de klup krijt fan it ynsammele âld papier.

De tsjinprestaasje is ferline jier troch de gemeente betocht om sa it ferskil tusken klups dy't sels âld papier ophelje en klups dy't dat net dogge op te heffen. De PvdA wol dêr no kritysker nei sjen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)