Gjin diskobus troch geweld

29 feb 2012 - 22:53

De diskobus tusken Harns en Berltsum rydt foarearst net wer. Troch oanhâldend geweld en fernielerij kin de feiligens fan passazjiers en sjauffeur net langer garandearre wurde.

Ofrûne wykein wie der op 'e nij in fjochtpartij yn de bus tusken in groep jongeren út Tsjummearum en Harns. Dêrby waarden fan bûten ek stiennen troch de ruten fan de bus smiten. In bewaker yn de bus rekke ferwûne. Hy rûn in harsenskodding op. Takom wike oerlizze de gemeenten, Connexxion en de provinsje wat der yn de takomst mei de diskobus barre sil.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)