Man slein op fuotbalfjild yn Froubuorren
In man fan 55 jier út Froubuorren is sneon oanhâlden, om't er in oare man mishannele hawwe soe. Op it fuotbalfjild oan de Waling Dykstrastrjitte yn Froubuorren krige de man spul mei in 31-jierrige man út Frjentsjer. De man út Froubuorren sloech de Frjentsjerter. De fertochte is meinommen nei it plysjeburo en krige proses-ferbaal.