Plysje en Cambuursteward mishannele
Twa ynwenners fan Arum hawwe sneontenacht op it Cambuurplein yn Ljouwert in plysjeman mishannele en in steward fan SC Cambuur bedrige. De fertochten, in 42-jierrige man en in 16-jierrige jonge, hienen rûzje mei de steward. De plysjeman woe bemiddelje, mar krige in klap fan de 42-jierrige. De jonge bedrige dêrnei de steward. Beide fertochten sitte fêst.