Aris net goed genôch tsjin koprinner Leiden

07 mrt 2015 - 23:19

De basketballers fan Aris ferlearen sneontejûn fan koprinner Leiden mei 89-76. Yn it Kealledykje koe Miles Jackson-Cartwright nei in lange blessuere wer spylje. It holp de Ljouwerters noch net al te folle. Healwei hie Leiden in foarsprong fan 12 punten: 31-43. Ek yn de twadde helte wie Leiden de bettere ploech. Tjoe de Paula wie mei 26 punten de bêste Aris skutter.

Trefwurden: 
Ljouwert Aris basketbal
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)