UNIS Flyers ferliest earste finalewedstriid fan Tilburg

07 mrt 2015 - 22:20

Unis Flyers koe it yn de earste finalewedstriid tsjin Destil Trappers Tilburg krekt net oprêde. It waard 2-1 foar Tilburg. Op it iis fan Thialf wie it benammen in wedstriid fan de beide iishockeykeepers. By Tilburg wie Ian Meierdres geweldich op dreef, by thúsklup Flyers woe Martijn Oosterwijk gjin belies jaan. Dat moast ek lykwols wol. Nei de 0-0 yn de earste perioade, sette Nick de Ruijter de Brabanners op foarsprong. Josh Prudden soarge yn de lêste perioade foar de lykmakker. Van Biezen makke krekt letter de lêste en beslissende goal.

Sneintejûn is de twadde wedstriid yn Tilburg.

Trefwurden: 
iishockey UNIS Flyers
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)