LDODK spilet lyk tsjin OVVO en is noch net feilich

De kuorballers fan LDODK slaggen der sneontejûn net yn om har no al feilich te spyljen yn de kuorbal league. Dat hie kinnen as OVVO út Maarssen mei fjouwer goals ferslein wie. Dat slagge net. It waard yn in spannende wedstriid 27-27 yn sportsintrum Koartsweagen. Thúsklup LDODK spille mei in protte spanning en moast eins de hiele wedstriid yn de efterfolging. Healwei hie OVVO in foarsprong fan twa doelpunten: 15-17. Utblinker Femke Faber soarge dat LDODK yn de twadde helte hieltyd wer oanheakke.
Yn de lêste tsien sekonden soarge Menno Russchen foar de lykmakker.