Ried akkoart begrutting Primus

29 feb 2012 - 22:37

De gemeenteried fan Skarsterlân is woansdeitejûn akkoart gien mei de begrutting fan ûnderwiisorganisaasje Primus. Besoarge ynwenners fan Goaiïngaryp hiene earder dizze wike noch in brief stjoerd oan de riedsleden om foaral net yn te stimmen mei de begrutting. Sy binne benaud dat it akkoart yndirekt ek de sluting fan it skoaltsje 't Slúske betsjut.

De goedkarring fan de begrutting sil dêr neffens de wethâlder lykwols gjin rol yn spylje. Letter dizze moanne moat de ried te set oer de takomst fan it lytse skoaltsje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)