Ofskie fan akteur Rense Westra

Rense Westra is sneontemiddei te hôf brocht. De akteur ferstoar ôfrûne moandei yn 'e âldens fan 68 jier. Westra waard yn syn wenplak Warten te hôf brocht. Dêrfoar wie yn de Grifformearde tsjerke in routsjinst mei ûnder oare muzyk fan De Kast. Under de twahûndert gasten wiene in soad akteurs. Regisseur Steven de Jong, aktrise Meriyem Manders en Rense Westra syn dochter hâlden in taspraak.
Omrop Fryslân Radio stjoert snein yn Buro de Vries in reportaazje út dy't Sjouke Lousma oer Rense Westra makke hat. It programma begjint om 11.00 oere.
Op Omrop Fryslân Televyzje wurdt sneontejûn de film De Fûke útstjoerd fan regisseur Steven de Jong mei Rense Westra yn de haadrol. De film is te sjen om 18.20, 20.20 en om 22.30 oere.