Ferkiezingsbuorden fan it CDA fernield

Ferkiezingsboerd CDA oerplakt yn Tytsjerksteradiel © Friso Douwstra
Der binne op 'e nij kampanjedoeken en -buorden fan it CDA foar de steateferkiezings op 18 maart fernield. Yn Skearnegoutum waarden de buorden stikken snijd en yn it wetter smiten. Yn Tytsjerksteradiel hat de Partij van de Dieren de eigen posters op de buorden fan it CDA plakt. It giet om buorden dy't it CDA sels betellet. It CDA is lilk op de PvdD en sil kontakt mei de partij opnimme.
Earder fan 'e wike waarden yn Stiens ek al kampanjedoeken fan de kristendemokraten fernield.