Gordykster botst ûnder ynfloed fan drugs op parkearde auto

© ANP
De plysje yn Drachten hat freedtemiddei in 23-jierrige automobilist út De Gordyk oanhâlden. De man wie ûnder ynfloed fan drugs mei syn auto tsjin in parkearde auto botst. Hy like yn 'e war en waard nei it sikehûs brocht.
De man hie speed, jild en in luchtdrukwapen yn syn auto te lizzen. Yn it sikehûs die bliken dat de man ek noch in boksbeugel en hash by him hie. Alles is yn beslach naam. De man is yn it sikehûs oanhâlden.