Haadstrjitte yn Noardwâlde wurdt opknapt

Haadstrjitte-West Noardwâlde © Google Street View
De Hoofdstraat-West yn Noardwâlde giet fan moandei ôf oer de kop. De gemeente Weststellingwerf wol it ferkear better trochstreame litte. Parkearplakken wurde op 'e nij oanlein. Dêrneist moat de strjitte in better oansjen krije en dêrom komme der ek fakken mei beammen.
Neffens de gemeente sil it wurk sawat acht wiken duorje. It ferkear wurdt omlaat.