Frachtwein boppe sleat nei ûngelok

De sjauffeur fan in frachtwein is sneontemoarn ferwûne rekke by in ûngelok op de N381 by Donkerbroek. De frachtwein is troch noch ûnbekende oarsaak fan de dyk rekke en kantele. De oanhinger hong foar in part oer de sleat neist de dyk.
De sjauffeur is mei ûnbekende ferwûnings nei it sikehûs brocht. Troch it ûngelok hat de dyk hast de hiele dei ticht west. Ferkear moast troch de ôfsluting oer de paralleldyk ride.