Skerm tsjin lûdsoerlêst swimbad De Jouwer

De gemeente De Fryske Marren hie folle earder in lûdsskerm pleatse kind om it fernijde swimbad fan De Jouwer hinne. Dat seit eksploitant Theunes Braaksma fan it swimbad.
Fan 'e wike waard dúdlik dat ferskate buertbewenners lêst hawwe fan de nije wyldwetterbaan dy't oan de bûtenkant fan it swimbad kaam is. Roppende en razende bern soargje foar te folle leven. Neffens Braaksma wist de gemeente dat yn it foar, mar binne se gewoan te let begûn mei de oanlis fan it lûdsskerm.
De gemeente bestriidt dat. Neffens harren is it Braaksma sels dy't de pleatsing fan in skerm tsjinhâlden hat, om't er it skerm net moai genôch fûn. Fan 'e wike is der in skerm pleatst fan goed 20 meter lang. Neffens de buertbewenners helpt dat net genôch tsjin it leven.