Soarch oer minderheidstalen yn Nederlân

06 mrt 2015 - 19:26

Nederlân giet net goed om mei de minderheidstalen. Dat seit it Europeesk Buro foar Lytse Talen EBLT yn in brief oan de Ried fan Europa. Neffens it Buro hat Nederlân sa goed as neat dien mei oanbefellings dy't de Ried fan Europa yn 2012 die. Sa is der noch gjin struktureel oerlis tusken Den Haach en fertsjinwurdigers fan sprekkers fan minderheidstalen.

Dêrneist hat it Ryk gjin belied ûntwikkele foar it beskermjen en befoarderjen fan de Nedersaksyske taal en is de posysje fan it Frysk as twadde rykstaal net fêstlein yn de mediawet.

It EBLT hat de 'position paper' by Tresoar yn Ljouwert oanbean oan de Twadde Keamerleden Magda Berndsen en Lutz Jacobi en oan Marieke Sanders fan de Ried fan Europa.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)