Ferbouwing doarpshûs Hitsum úteinset

De ferbouwing fan it doarpshûs yn Hitsum begjint earne op te lykjen. Trije jier lyn kaam in groepke Hitsumers byinoar mei wylde plannen foar in nij doarpshûs. It doarpshûs wie net mear geskikt foar de fjouwerhûndert aktiviteiten dy't der yn in healjier tiid hâlden wurde.
Foar de 450.000 euro oan kosten hawwe se 300.000 krigen oan subsydzjes fan ûnder oare de gemeente Frjentsjerteradiel en de provinsje. De rest hat it doarp sels betelle. Net allinnich mei jild fan de stifting en fan de ynwenners, mar ek troch te besparjen op de boukosten.
In grutte groep frijwilligers stekt sels de hannen út de mouwen om de kosten te drukken. It doarpshûs moat it moetingsplak foar elsenien wurde.