Njoggen oanhâldings foar gewelddiedige oerfallen

06 mrt 2015 - 15:44
  • Plysje arrestaasje/oanhâlding

De plysje hat njoggen minsken oppakt yn ferbân mei twa oerfallen, earder dit jier yn Snits en yn Emmeloard. De oerfallen wiene by minsken thús. Dêr waard in soad geweld by brûkt. De slachtoffers waarden bedrige mei in fjoerwapen of mei messen. Yn ien gefal waard in slachtoffer fêstbûn, slein en skopt. De oerfallers naaiden út mei pinpassen, dêr't se grutte jildbedraggen mei opnamen.

De plysje kaam de fertochten op it spoar ûnder oare troch ferklearrings fan tsjûgen. Se komme út Ljouwert en Amsterdam.

By ien fan de fertochten thús waard ek guod fûn dat earder by in strjitrôf yn Ljouwert bút makke is. De plysje slút net út dat noch mear minsken oanhâlden wurde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)