"Miljoenefraude Fryske ymporteur fan sinnepanielen"

06 mrt 2015 - 15:32

In Frysk bedriuw dat sinnepanielen ymportearret, soe belutsen wêze by in miljoenefraude. It bedriuw soe sinnepanielen út Sina ynfiere fia Maleizië en Taiwan. Dêr soe it guod falske frachtbrieven krigen hawwe, sadat de ymporteur net de hege ynfierbelesting hoegde te beteljen dy't jildt foar produkten út Sina. Neffens de FIOD hat it bedriuw sa mear as in miljoen besparre.

De FIOD hat tongersdei op ferskate plakken yn Fryslân gebouwen trochsocht. Yn de trochsochte gebouwen binne kompjûters en administraasjes yn beslach naam.

Ien fan de bedriuwen is GroenLeven op It Hearrenfean. It bedriuw seit dat it giet om tsien konteners dy't se fan septimber 2013 oant jannewaris 2014 fia de ymporteur krigen hawwe. GroenLeven is der fan útgien dat de papieren yn oarder wiene.

Diel dit berjocht op:
Trefwurden: 
(advertinsje)
(advertinsje)