Nij trainingssintrum yn Snits foar jonge syltalinten

06 mrt 2015 - 15:21

Op it Starteilân yn Snits wurdt oankom tiisdei in regionaal trainingssintrum foar silers iepene. Dêr kinne jonge syltalinten te plak om harren fierder te ûntwikkeljen. It sintrum regelet it trainingsprogramma foar de bern en set ek scouts yn om talinten te finen. Der wurde ek nije trainers oplaat.

Neffens de inisjatyfnimmers is it sintrum it earste yn syn soart dêr't de jeugd de romte krijt om op it heechste nivo te trainen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)