Sven Kramer: Ik haw wrâldrekôr nedich foar WK allround

06 mrt 2015 - 14:58
  • Sven Kramer earder nei it winnen fan de 5 kilometer op de WK ôfstannen

Reedrider Sven Kramer fan It Hearrenfean tinkt dat er in wrâldrekôr nedich hat om dit wykein wrâldkampioen allround te wurden. Dat sei er tsjin de kollega's fan de NOS.

Kramer doelt op syn favorite ôfstân, de fiif kilometer. Hy hat it wrâldrekôr op dy ôfstân al, mei 6.03.32. Dat ried er op de Olympic Oval yn Calgary, dêr't it WK dit wykein ek is. Sven Kramer hopet op in tiid om de 6.02 hinne.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)