Barto yn de spits by Cambuur

Martijn Barto begjin sneon yn de útwedstriid fan Cambuur tsjin PEC Zwolle yn de spits. Bartholomew Ogbeche hat de gryp hân en hy begjint op de bank. Vytas is skorst en Wout Droste is passeard. Marlon Pereira begjint as rjochtsback. Yn it sintrum spylje Reijnen en Mac-Intosh. Lucas Bijker stiet linksback. Mikhail Rosheuvel hat allinnich freed meitraind yn ferbân mei in blessuere oan de wreef. Hy begjint op de bank. De Ridder en Narsingh spylje op de fleugels. El Makrini is fit. Hy foarmet it middenfjild mei Van de Streek en Bakker.