16 jier tsjin Antonio van der P. en 14 tsjin Enise B. easke

De offisier fan justysje yn Assen hat freed sechtsjin jier selstraf easke tsjin Antoinio van der P. fan De Harkema en fjirtjin jier tsjin syn freondinne Enise B. It duo wurdt fertocht fan in rôftocht yn it noarden en it easten fan Nederlân, mei ôfparsing, bedriging, stellerij mei geweld, besykjen ta deaslach en moard.
De offisier neamt beide fertochten tarekkenber en fynt dat se ridlik emoasjeloas hannele hawwe. De rjochter docht op 2 april útspraak yn de saak tsjin it gangsterduo.