Mishanneling yn sintrum fan Ljouwert

06 mrt 2015 - 11:16
  • De Grutte Heechstrjitte yn it sintrum fan Ljouwert

In 30-jierrige Ljouwerter is yn de nacht fan tongersdei op freed oanhâlden foar mishanneling. De man krige yn de Grutte Heechstrjitte (Grote Hoogstraat) spul mei in 23-jierrige Grinzer, wêrnei't er it slachtoffer sloech.

Tsjin de Ljouwerter is proses-ferbaal opmakke. It slachtoffer hat oanjefte dien.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)