Hûnútlitter oerfallen op Griene Stjerpaad by Ljouwert

06 mrt 2015 - 10:32

In 26-jierrige man út Ljouwert is tongersdeitejûn om 11 oere oerfallen op it Griene Stjerpaad by de wyk Cammaninghabuorren yn Ljouwert. De man rûn mei syn hûn doe't twa manlju op him ôf kamen. Sy easken jild en syn mobile tillefoan.

Doe't it slachtoffer dúdlik makke dat er syn guod net ôfjaan woe, besocht ien fan de manlju him te slaan. It slachtoffer koe dat ûntwike en pakte de dieder fêst. Dy koe himsels losmeitsje en draafde tegearre mei syn maat fuort yn de rjochting fan de Griene Stjer. De plysje siket tsjûgen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)