2014 goed jier foar Accell Group

06 mrt 2015 - 08:28

De Accell Group, dy't ûnder oare in fytsefabryk op It Hearrenfean hat, hat in goed jier achter de rêch. De netto winst is mei goed 37 prosint omheech gien. Neffens de foarsitter fan de ried fan bestjoer komt dat benammen troch it goede waar en de bettere ekonomyske situaasje yn Europa.

Accell hat yn hast alle regio's in hegere omset helle. Allinnich Noard-Amearika bleau achter by de ferwachtings. Neffens Accell rinne de reorganisaasjes yn Noard-Amearika en Nederlân op skema. It plan is om de reorganisaasjes dit jier klear te hawwen.

Trefwurden: 
ekonomy Batavus Accell Group
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)