Harnzer ûndernimmers sykje alternatyf foar de keapjûn

05 mrt 2015 - 22:17

Leden fan de Harnzer ûndernimmersferiening HOV prate nije wike oer it mooglik ôfskaffen fan de keapjûn op tongersdei. Yn hiel Nederlân merke ûndernimmers dat der minder animo is foar de tradisjonele keapjûn op dy dei. Yn Harns is dat ek it gefal.

De gearkomste moat in oanset wêze om te kommen ta nije iepeningstiden fan winkels yn it stedssintrum fan Harns. Neffens foarsitter Lucia Mol-Van der Meer soene bygelyks de iepeningstiden op tongersdei, freed en sneon ferlingd wurde kinne.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)