Soad belangstelling foar bane-evenemint Moetsje & Groetsje

In soad minsken kamen tongersdei op it bane-evenmint 'Moetsje & Groetsje' fan de provinsje ôf. Krekt ôfstudearren koene op it provinsjehûs yn 'e kunde komme mei 33 wurkjouwers út Fryslân. Troch jild fan de provinsje binne der 100 wurkplakken beskikber foar minsken dy't yn 2011 of letter ôfstudearren.
As trainee kinne se op syn minst in jier oan it wurk. De provinsje betellet ûngefear de helte fan de leankosten fan de trainees. Derfoar is 1,3 miljoen euro beskikber steld. It is de twadde kear dat de provinsje it evemint organisearret.