Drugsdealers yn Ljouwert en Snits oanholden

Drugs © Omrop Fryslân
In 31-jierrige Ljouwerter is woansdeitemiddei yn de Poststrjitte yn Ljouwert oanholden op fertinking fan hannel yn harddrugs. Aginten seagen dat de man him fertocht gedroech en seagen dat er guod oan in oare man ferkocht. Yn de man syn klean waarden 3 boltsjes mei nei alle gedachten speed oantroffen.
Yn Snits waard deselde middei in 39-jierrige Snitser oanholden, om't er betrape waard op in drugsdeal. Hy wie yn it besit fan wierskynlik 4 boltsjes heroïne. De drugs binne yn beslach naam en tsjin beide drugsdealers is proses-ferbaal opmakke.