Friezen reagearje massaal op oprop foar demintearjende frou

Fryske flagge © Omrop Fryslân
Mear as 100 Friezen hawwe reagearre op de oprop fan Erik van der Zee om by syn demintearjende mem yn Gelderlân op besite te gean. Van der Zee syn mem is in Friezinne om utens, dy't yn in soarchsintrum yn Ugchelen wennet. Troch de demintens praat se hieltyd faker Frysk.
Van der Zee kin it Frysk wol ferstean, mar it sels net prate. By RTV Gelderlân die hy yn febrewaris dêrom in oprop. De reaksjes kamen út it hiele lân en sels út Kanada. Underwilens hat in Frysk echtpear út Apeldoorn al in earste besite brocht oan Van der Zee syn mem.
"Het was ontroerend om te zien hoe ze daarvan genoot. Ze werd aangesproken in het Fries en je zag onmiddellijk dat ze contact had en ze keek geïnteresseerd, ondanks dat ze moe was", fertelt Van der Zee oan RTV Gelderlân.