Fryske Gea weriepenet pleats 'Oan 'e wyk' yn Allardseach

De pleats 'Oan 'e wyk' is wer klear foar multifunksjoneel gebrûk
Yn Allardseach is tongersdei de ferboude pleats 'Oan 'e wyk' fan it Fryske Gea weriepene. It giet om de pleats dy't foarhinne brûkt waard as kampearbuorkerij. It Gea hat 'Oan 'e wyk' al sûnt ein jierren santich yn besit en brûkte dy as útfalsbasis foar ekskurzjes. Omdat it gebou ferâldere wie, is besletten it flink te ferbouwen.
Dat koe mei finansjele stipe fan de Nationale Postcode Loterij. Der kinne no byienkomsten hâlden wurde, lykas worksjops en lêzingen.