Cambuur nimt ôfskie fan hierde oanfaller Meleg

Cambuur nimt fuortendaliks ôfskie fan Dejan Meleg. De oanfaller giet werom nei Ajax. Dat is de útkomst fan oerlis tusken Cambuur en de fuotballer. Meleg kaam dizze simmer oer fan de Amsterdamske klup, mar troch konkurrinsje hat Cambuur him de kommende tiid net folle spyltiid te bieden.
Meleg kaam alve kear yn aksje foar Cambuur en makke ien goal foar de Ljouwerters.