Frysktaligen wolle aaisyktradysje bewarje

05 mrt 2015 - 15:34
  • Ljipaai

Friezen binne bot ferdield oer it ferbod op ljipaaisykjen. Dat docht bliken út wat minsken ynfolje by DeStemVan. Dat is de stemhelp foar de provinsjale steateferkiezings. Dy stimhelp is twatalich. Minsken dy't de Fryske ferzje ynfold hawwe, fine yn mearderheid dat it ferbod op it aaisykjen opheft wurde moat.

In mearderheid fan de Nederlânsktalige stimmers is foar it aaisykferbod. Der mei dizze maaitiid wol om aaien socht wurde, mar minsken meie se fan de rjochter net meinimme.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)