Frachtauto botst op persoane-auto op de Wâldwei

It plak fan it ûngelok op de Wâldwei by Drachten © Sicco Riedstra
Op de Wâldwei by Drachten is tongersdeitemiddei in frachtauto op in persoane-auto botst. Dêrby is ien persoan ferwûne rekke en troch de ambulânse oerbrocht nei it sikehûs. De oarsaak fan it ûngelok is nei alle gedachten in klapbân.
Ien rydstrook waard tydlik ôfsletten foar al it ferkear. Dat soarge al gau foar in file fan in pear kilometer.