Martin Luther Kingdei op de NHL mei Klinefelter

05 mrt 2015 - 15:06

Nei it sjen fan de film Selma oer de striid fan Martin Luther King foar gelikense rjochten, ha skiednisstudinten fan de NHL in Martin Luther Kingdei organisearre. Se wiene ûnder de yndruk fan it geweld en de geweldleasheid en ha dêrom op de NHL in programma makke mei diskusje, film en lêzings. Gastsprekker is de âld pr-man fan King, Harcourt Klinefelter.

Troch as blanke Amerikaan mei te rinnen by de marsen, waard hy troch rasgenoaten foar ferrieder útmakke. De skiednisstudinten wolle yn 'e takomst yn harren lessen omtinken jaan oan King.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)