Mear winst foar bussebouwer VDL

05 mrt 2015 - 13:50

Bussebouwer VDL hat in goed jier achter de rêch. De kombinearre omset is omheech gien fan 1,8 miljard nei 2,5 miljard euro. It netto resultaat is dêrby omheech gien fan 88 miljoen euro nei 104 miljoen euro. En ek it tal wurknimmers naam ta.

It bedriuw, mei ûnder oare in festiging op It Hearrenfean, hat sa'n tûzen minsken ekstra oannaam yn 2014. In part dêrfan komt út de oername fan it bedriuw Translift yn Dronten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)