Ferwerderadiel krijt earste ljipaaien fan boargemasterssoan

05 mrt 2015 - 13:18
  • De earste ljipaaien fan 1960 oant 1975
  • Loko-boargemaster Jaap Hijma naam de aaien yn ûntfangst

De gemeente Ferwerderadiel hat tongersdei in doaze âlde ljipaaien krigen. It giet om earste aaien dy't tusken 1960 en 1975 oanbean waarden oan de doetiidske boargemaster Van Mourik. Syn soan Tom, boargemaster fan Menameradiel, hat de aaien tongersdei by de gemeente brocht. Se wiene noch altyd yn it besit fan de famylje.

Loko-boargemaster Jaap Hijma naam de aaien yn ûntfangst. "Sy hearre yn it gemeentehûs thús en net by ús op de souder", sa sei Tom van Mourik. Dêr sille se neffens de gemeente Ferwerderadiel in moai plakje krije.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)