Jentsje Popma skinkt erfskip oan Nijkleaster

Skilder en keunstner Jentsje Popma hat syn atelier yn Ljouwert en alle skilderijen en keunstwurken skonken oan Stifting Nijkleaster. Popma oer syn opmerklike aksje: "Yn de wrâld fan hjoed-de-dei is in projekt as Nijkleaster yn Jorwert ferskriklik wichtich en nedich. Ik wol Nijkleaster dêrom stypje mei myn erfskip." By Stifting Nijkleaster binne se tige wiis mei de die fan Popma. It is ek bysûnder, want meast bart soks pas as ien ferstoarn is.
De stifting wol yn Jorwert in plak meitsje dêr't minsken ta rêst en besinning komme kinne.