Miljeufederaasje fynt Ljouwert de grienste gemeente

05 mrt 2015 - 12:10

Ljouwert is de grienste gemeente fan Fryslân. Dat docht bliken út ûndersyk fan de Fryske Miljeu Federaasje. Sy hawwe by 21 Fryske gemeenten in ynventarisaasje makke fan wat sy dogge oan biodiversiteit yn harren gebiet. Ljouwert is neffens de federaasje goed rjochte op de takomst. De gemeente brûkt gjin gemyske bestridingsmiddels mear en boppedat is der subsydzje foar griene dakken.

De gemeenten De Fryske Marren en Súdwest-Fryslân steane op plak twa en trije yn de ranglist fan de miljeufederaasje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)