Al 14.000 hantekeningen gjin gasboarrings by Skylge

It haadkantoar fan Tulip Oil yn Den Haach
Yn noch gjin trije wike tiid hawwe hast 14.000 minsken de petysje tekene tsjin de gasboarrings op of by Skylge troch it bedriuw Tulip Oil. Aksjegroep Gas(t)vrij Terschelling sette de petysje 16 febrewaris online. De bedoeling is om de list mei hantekeningen oan te bieden oan minister Henk Kamp fan Ekonomyske Saken. Wannear't dat krekt barre sil, is noch net dúdlik.
Koartlyn stimde ek de gemeenteried fan Skylge unanym tsjin it foarnimmen fan Tulip Oil om op Skylge nei gas te boarjen.
Wichtige arguminten tsjin de gasboarrings binne neffens Gas(t)vrij Skylge ûnder mear dat gemikaliën yn de grûn pompt wurde en dat der swier frachtferkear oer it eilân ride sil. Boppedat sil der in soad CO2 frijkomme by de boarrings, seit Gas(t)vrij Skylge.