Soargen oer oanlis mountainbikepaad by Beetstersweach

05 mrt 2015 - 11:38

De oanlis fan in nij mountainbikepaad by Beetstersweach soarget foar opskuor. It paad moat troch de bosken by Beetstersweach komme en krekt dêr sitte in protte bisten. Fûgelwachter en fûgelûndersiker Willem Bil fan Lippenhuzen hat dêrom grutte noed oer de gefolgen fan de oanlis.

Frijwilligers binne al in pear wike dwaande mei de tariedings. Ein maaie sil it paad feestlik iepene wurde. Neffens Bil is hielendal net dúdlik wat de gefolgen binne foar de bisten dy't yn de bosken libje dêr't it paad delgiet.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)