Plysje hâldt dealer oan yn Poststrjitte Ljouwert

Oanhâlding © ANP
In 31-jierrige Ljouwerter is woansdeitemiddei yn de Poststrjitte yn de Fryske haadstêd oanhâlden foar de hannel yn harddrugs. Aginten seagen dat de man him fertocht gedroech. Sa wie er dwaande om wat oan in oare man te ferkeapjen. Doe't de aginten de fertochte fierder ûndersochten die bliken dat er trije boltsjes harddrugs by him hie. Nei alle gedachten giet it om speed.
Tsjin de Ljouwerter is proses-ferbaal opmakke.