Measte Friezen wolle provinsjaal bestjoer hâlde

05 mrt 2015 - 10:28
  • It provinsjehûs

In grutte mearderheid fan de Friezen fynt dat de provinsje as bestjoerslaach net opdoekt wurde mei. Dat docht bliken út in enkête fan EenVandaag yn oparbeidzjen mei Omrop Fryslân. Mear as 70 prosint fan de minsken fynt dat de provinsje bliuwe moat. Fryslân skoart hjirmei it heechste fan hiel Nederlân.

Fierder litte Friezen en Grinslanners harren neffens it ûndersyk by de kommende steateferkiezings it measte liede troch provinsjale tema's.

In oersjoch fan alle útkomsten fan de enkête:

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)