CBS: Fryslân hat de measte boekwinkels

05 mrt 2015 - 09:52

Fryslân hat yn ferhâlding de measte boekwinkels. Dat docht bliken út sifers fan it Centraal Bureau voor de Statistiek. Yn Fryslân binne der sân boekwinkels op 100.000 ynwenners. Limboarch hat mei trije winkels op 100.000 ynwenners it leechste tal boekwinkels. Ut de sifers docht ek bliken dat lanlik sjoen it tal boekwinkels yn de ôfrûne sân jier mei mar leafst 200 weromrûn is.

Dat komt benammen troch nije techyske ûntwikkelings as de e-reader en de ferkeap op ynternet.

Trefwurden: 
boekwinkel
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)