GrienLinks wol opheldering oer status dunen Skylge

© Omrop Fryslân
De steatefraksje fan GrienLinks Fryslân wol opheldering oer it beslút fan minister Kamp en steatssekretaris Dijksma om de beskerme status fan de dunen op Skylge ferfalle te litten. De partij wol, krekt lykas de GrienLinks fraksjes fan Harns en Skylge, witte oft dit de gaswinning op Skylge tichteby bringt. De partij freget it kolleezje fan Deputearre Steaten om in brânbrief te stjoeren oan de minister.
Yn de Twadde Keamer is in debat oanfrege oer de mooglike statuswiziging fan de Natura2000 gebieten en de gefolgen foar de gaswinning.