Hynstetrainer reizget mei Fryske hynders troch Amearika

Hynstetrainer Anne Okkema fan Britswert lûkt mei in karavaan fan Fryske hynders dwers troch Amearika. Okkema makket de grutte reis tegearre mei inisjatyfnimmer Gerard Paagman. Se binne sûnt novimber mei tsien Fryske hynders ûnderweis troch it enoarme lân. Allinnich mei de krystdagen, de jierwiksel en de hynstekeuring wie Okkema efkes werom yn Fryslân.
De grutte reis begûn op 1 novimber yn Kalifornia. It doel fan de reis leit dik 4000 kilometer fierderop, yn Florida. Dêr komme se nei alle gedachten oer oardel wike oan.