Betonflier droegje mei help fan ballonbrander op It Fean

04 mrt 2015 - 21:30
  • De ballonbrander moat de betonflier droegje

In gigantyske flammewerper dy't normaal brûkt wurdt yn in luchtballon, wurdt tongersdei op It Hearrenfean ynset om sa rap mooglik in betonflier te droegjen. Direkteur Anne Bakker fan Bakker transport wol syn nije loads sa gau mooglik brûke en mei it wiete waar duorre it him te lang oant de flier droech is.

Dus hiert hy in ballonfarder yn. De ballon hoegde hy net mei te nimmen, allinnich de brander. Dy jaget stekflammen fan sa'n 6 meter troch de hal fan 2400 kante meter, sadat de temperatuer omheech giet en de luchtfochtigens omleech.

Neffens Bakker is dit noch nea earder op dizze wize dien.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)