Himpkwekerij oprôle yn kelder yn Tsjalbert
De plysje hat yn Tsjalbert woansdeitemiddei in himpkwekerij mei hast tûzen plantsjes oprôle. De kwekerij siet ûnder de grûn, yn de kelder fan in stâl. De plysje is de himp op it spoar kaam nei in anonime tip.
Ien fan de bewenners fan it hûs oan de Aengwirderwei is oanhâlden. De plantsjes en apparatuer fan de kwekerij binne ferneatige.