Pieter Baan Centrum oer it fertochte gangsterduo

Saakkundigen fan it Pieter Baan Centrum ha de twa fertochten yn de rjochtsaak fan it gangsterduo ûndersocht. Neffens de psychiater hat fertochte Enise B. gjin stoarnis en is se folslein tarekkenber. Se groeide op yn in gesin dêr't in soad geweld en agresje wie. Se learde Marcos fia Hyves kennen.
Fertochte Antonio van der P. woe net meiwurkje oan it ûndersyk. Hy hat earder mei justysje te krijen hân en krige yn 2004 jeugd-tbs. Der komt no gjin TBS advys. Neffens de psycholooch is der gjin oanwizing foar psychiatryske oandwaning.
It gangsterduo stiet foar de rjochter foar in rôftocht troch it noarden en easten fan Nederlân, mei ôfparsing, bedriging, stellerij mei geweld, poging ta deaslach en moard.