Ferwarde man yn Ljouwert is oanhâlden

04 mrt 2015 - 13:55

De plysje yn Ljouwert hat woansdei oan it begjin fan de middei in man fan 43 jier yn de war yn syn hûs oan de Brederostrjitte oanhâlden. De agressive man hie moarns in auto fernield en drige mei messen. Hy ferskûle him mei syn agressive hûn yn syn hûs en wegere de plysje binnen te litten. Hy barrikadearre syn doar en bekûgele de plysje mei glês en oar guod.

In ûnderhanneler hat oeren op de man yn praat, wêrnei't er himsels oer joech. Hy is meinaam nei it plysjeburo. Hy krijt helpferliening oanbean.

Trefwurden: 
Ljouwert plysje
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)