Keap skipswerf Talsma yn Osingahuzen is rûn

04 mrt 2015 - 11:18

De keap fan skipswerf Talsma yn Osingahuzen is rûn. De werf giet ticht en Talsma ferpleatst syn wurk nei syn werf yn Frjentsjer. Der falle gjin ûntslaggen, alle meiwurkers geane mei nei Frjentsjer. Der is jierren lang praat oer it ferplaatsen fan de werf, dy't foar oerlêst soarge yn it doarp.

Foar de keap tekenje eigener Jelle Talsma, wethâlder Gea Akkerman fan de gemeente Súdwest-Fryslân en deputearre Sietske Poepjes tongersdei de oerienkomst.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)